У вашего броузера проблема в совместимости с HTML5
It giet goed mei it tekstylsortearsintrum yn Snits. It gearwurkingsferbân fan Caparis, Empatec, Leger des Heils en Omrin bestiet sûnt novimber 2013. Benammen ferline jier is der in soad ekstra tekstyl ynsammele. Neffens direkteur John Vernooij fan Omrin giet it sels om 25 prosint mear as oare jierren. De oprop oan de minsken om mear klean te skieden, en net mear yn de grize bak te smiten, hat fertuten dien. Dat komt neffens Vernooij benammen om't Omrin troch hiel Fryslân ekstra ûndergrûnske konteners pleatst hat.
--------------------
Het sorteercentrum voor textiel in Sneek heeft het druk. Sinds november 2013 werken daar mensen van Caparis, Empatec, het Leger des Heils en Omrin. Met name vorig jaar is er veel extra textiel verwerkt. Volgens directeur John Vernooij van Omrin gaat het zelfs om een kwart meer dan andere jaren. De oproep om meer kleding te scheiden, in plaats van het in de grijze container te deponeren, heeft resultaat gehad. Dat komt volgens Vernooij met name omdat Omrin in heel Fryslân extra ondergrondse textielcontainers heeft geplaatst.